Tsientallen nei earste help

08 jan 2010 - 15:45

Tsientallen minsken hawwe harren de ôfrûne dagen mei stikkene bonken melden by de earste help fan it MCL yn Ljouwert. Tongersdei kamen der al santjin minsken, freed wiene it trettjin.

De measte minsken binne fallen op glêde strjitten. It giet mar yn in inkeld gefal om minsken dy't ûnder it reedriden op it iis ûnderút skood binne. De ûngelokkigen hawwe benammen faak de pols, de earm, it skouder of de heupe brutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)