'Tsientallen bern spylje game'

04 jul 2014 - 16:24

Tsientallen skoalbern binne freedtemiddei nei winkelpark De Centrale yn Ljouwert kaam. Op harren lêste skoaldei mochten de bern op it grut LED-skerm in fuotbalgame spylje. De bern fan tusken de tolve en fyftjin jier diene mei oan in firtueel fuotbaltoernoai.

De aktiviteit is troch De Centrale organisseare om omtinken te jaan oan de nije sportwinkel Decathlon dy't ein dit jier in fêstiging op De Centrale iepenet. De nije winkel smyt fyftich banen op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)