Tsientallen banen fuort by rjochtbank

24 maaie 2015 - 09:43

De rjochtbank Noard-Nederlân komt yn de simmer mei in takomstplan. It plan om kantoarpersoniel fan Ljouwert en Assen te ferhúzjen nei Grins is noch altyd in opsje. Dat seit de rjochtbankpresidint Daan Keur by Radio Drenthe. Neffens Keur sil der minder tsjinstân wêze op de ferhúsplannen omdat der yngreven petearen mei it personiel west ha.

De kommende tiid moat der lanlik 90 miljoen euro besunige wurde by de rjochtbank. Tsientallen banen yn de legere funksjes sille ferdwine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)