Tsientallen banen derby yn noardlike high-tech yndustry

01 des 2015 - 17:03
  • Philips

De high-tech yndustry yn it Noarden krijt der de kommende jierren inkele tsientallen banen by. Dat is de ferwachting fan it Ynnovaasje Kluster fan technyske bedriuwen yn Drachten. It gearwurkingsferbân dat yn 2011 úteinset is mei fiif bedriuwen, krijt der tiisdei har 13e lid by: it bedriuw Resato International út Roden. Under oare ek Phillips, Neopost en BD Kiestra binne by it kluster oansletten.

Bedriuwen út Fryslân, Grinslân en Drinte besykje troch it útwikseljen fan kennis en ûnderfining bettere produkten op de merk te setten.

Op jierbasis smyt dit bygelyks 50 nije produktyntroduksjes op. Ek besykje se technysk personiel yn it Noarden te hâlden om foar te kommen dat se fuortgean nei technyske regio's lykas Twente of Eindhoven. Dit wurdt dien troch minsken in loopbaan oan te bieden, dy't troch meardere bedriuwen rint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)