Tsiende winst Harkemase Boys

10 nov 2007 - 22:01

"We degradearje net, mar we gean der wol út", sa wurdt der yn De Harkema praat oer de fuotbalprestaasjes fan de Harkemase Boys. Sneontejûn wûnen de Boys foar de tsiende kear dit seizoen yn de earste klasse. Tsjinstanner d'Olde Veste fan Stienwyk waard mei 6-0 ferslein.

Harkemase Boys hat no 30 punten út 10 wedstriden en in doelsaldo fan 53-10. De haadklasse komt elts wykein tichteby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)