Tsiende túnfûgeltelling

18 jan 2013 - 19:55

Foar de tsiende kear wurdt dit wykein de nasjonale túnfûgeltelling hâlden. De telling wurdt organisearre troch de Fûgelbeskerming en fynt alle jierren yn it tredde wykein fan jannewaris plak. As it kâld is binne der de measte fûgels yn de tunen.

Ferline jier diene 40.000 minsken mei oan de telling. Wa't dat no dwaan wol, kin op de webside in formulier downloade en dêr de fûgels op notearje. Oan de ein fan it wykein wurdt dan de top-10 bekend makke. Op de webside is ek te sjen hokker fûgels by jo yn de buert it meast sjoen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)