Tsiende stakingsdei by Prins

25 mrt 2013 - 07:05
  • Staking Prins Dokkum

By Prins yn Dokkum wurdt moandei opnij staakt. De fakbûnen FNV en CNV roppe meiwurkers op om it wurk del te lizzen. It is de tsiende stakingsdei by it fangrailfabryk. Der wurdt striden tsjin it plan om de produksje te ferpleatsen. 34 minsken reitsje dêrtroch harren baan kwyt.

De stakers komme moandeitemoarn om 11 oere byinoar yn Dokkum. Der sil ek sjoen wurde oft it lean fan de stakers útbetelle is. Ien staker hat freed syn jild krigen. Earder hie de direksje witte litten mear tiid nedich te hawwen om it lean te berekkenjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)