Tsiende plak foar Nauta op 3000 meter, Voronina wint

11 mrt 2016 - 17:54
  • Yvonne Nauta

Reedrydster Yvonne Nauta is yn har lêste wedstriid fan it seizoen tsiende wurden op de 3000 meter. De Friezin út Twellingea ried in tiid fan 4.10.82. De wrâldbekerfinale wie tige spannend. De tiden fan de rydsters leinen ticht byinoar.

De wedstriid waard wûn troch Natalia Voronina út Ruslân yn 4.08.15. It sulver wie foar Jorien Voorhuis yn 4.08.18. It brûns gie nei de Russise Olga Graf yn 4.08.40. De Tsjechise Martina Sábliková wie net oanwêzich by de wrâldbekerfinale, mar hat wol it einklassemint oer 3 en 5 kilometer wûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)