Tsiende ferlies foar Snits Wyt Swart

13 des 2015 - 15:59
  • Logo VV Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart ferlear sneintemiddei mei 3-2 fan AFC. Yn Snits iepenen de gasten út Amsterdam nei in kertier spyljen de skoare. Age Hains Boersma brocht de stân 10 minuten letter yn lykwicht. Op 'e nij wie it AFC dat de lieding naam mei in strafskop. Foar rêst wie it Boersma dy't mei syn twadde treffer de rêststân op 2-2 sette. Yn de twadde helte namen de gasten út Amsterdam yn de 66e minút foar de tredde kear de lieding. Fiif minuten foar de ein hie Erik Nederhoed de lykmakker op 'e skoech, mar syn skot waard keard troch de AFC-keeper.

It is it tsiende ferlies foar de ploech fan trainer Berry Zandink, dy't mei 11 punten út 15 wedstriden ûnderoan stiet yn de sneinstopklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)