Tsiende ferlies foar De Jouwer

01 des 2013 - 16:01
  • In fuotbal

De Jouwer hat snein mei 3-0 ferlern fan de nûmer 6, Quick '20. Yn Oldenzaal kaam de ploech fan Wieb Rodenhuis yn de 19e minút op efterstân. Yn de 45e minút wie it op 'e nij rekke foar de thúsploech en moast De Jouwer yn de achterfolging. Mei noch tsien minuten op 'e klok wie it Quick '20 dat de einstân op it boerd sette.

It is it tsiende ferlies foar de ploech fan Rodenhuis, dat mei ien oerwinning út 11 wedstriden stiif ûnderoan stiet yn de sneinshaadklasse C.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)