Tsiende edsyje fan Freeze

12 jul 2006 - 10:09

De tsiende edysje fan popmuzykfestival Freeze is dit jier op sneon 23 septimber. Freeze jildt as de offisjeuze start fan it popjier yn Fryslân en jout in trochsnee fan alles wat aktueel is yn de Fryske popmuzyk.

Op it festival yn de Harmonie yn Ljouwert trede ûnder oaren Autumn en Adema Minki op. De freeds foar Freeze kin it publyk alfêst in de stimming komme mei Freeze on Friday. Ferskate bands spylje dan yn kroegen yn 'e stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)