Tsiende Bonnewandel yn Snits

18 jul 2014 - 12:25
  • De dielnimmers oan de Bonnewandel krigen in gladioal
  • De tsiende Bonnewandel wie in waarme edysje

Net allinnich yn Nijmegen wurdt freed it lêste stik fan de fjouwerdaachse rûn, mar ek yn Snits. De bewenners fan wensoarchsintrum it Bonifatiushûs yn Snits koene foar de tsiende kear meidwaan oan de Bonnewandel. De ôfrûne fjouwer moarnsskoften waard in koart rûntsje makke troch de stêd. Koart, want de gemiddelde leeftiid is heech mei 85 jier.

De organisaasje fan it wensoarchsintrum hat de ôfrûne dagen maatregels naam tsjin de waarmte. Bewenners koene ekstra wetter drinke en krigen sinnehuodsjes oanbean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)