Tsien persint boeren hat 2de tak

14 jun 2004 - 00:00

Sa'n tsien persint fan 'e Fryske boeren docht der wat by op it bedriuw. It grutste part hat in boerekamping. Mar ek de ferkeap fan boereprodukten oan hûs lykas boere-iis en yoghurt nimt ta. Ek it leverjen fan enerzjy mei in wynmûne skoart heech, seit de NLTO.

De winst fan 'e njonkenaktiviteiten hâldt net altiten oer. Neffens de NLTO helje de measte boeren mei in twadde tak op syn meast tsien persint fan it ynkommen út njonkenaktiviteiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)