Tsien nûmers útsocht foar Liet

23 okt 2003 - 00:00

Foar de 13e edysje fan it Frysk sjongfestival Liet binne 58 nûmers ynstjoerd. Dat binne der 17 minder as ferline jier. In sjuery hat út de ynstjoeringen tsien nûmers selektearre. Dy wurde op 22 novimber yn de Harmonie yn Ljouwert spile.

By de tsien sitte ûnder oare nûmers fan Fokke Miedema, Peter Sijbenga en Gina de Wit. It winnende nûmer mei op 23 novimber meidwaan oan de twadde edysje fan Liet Ynternasjonaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)