Tsien nominaasjes moaiste wurd

21 des 2004 - 10:37

Radioprogramma De Middei makke moandei de tsien nominaasjes bekend foar it moaiste Fryske wurd. Op de list steane wurden as njonkelytsen, bjusterbaarlik, ferdivedaasje en skytskoarje. Mar ek koartere wurden as koese, flarde en kime skoare heech. Harkenieltsje en preamkeskowe meitsje de tsien fol.

Op www.omropfryslan.nl kinne je no wer stimme hokker fan dizze tsien wurden jo it aldermoaiste wurdt fine. De winner wurdt op 27 desimber bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)