Tsien man pakt foar fjochterij

22 nov 2011 - 10:01

De plysje hat moandeitenacht tsien minsken oanhâlden fanwege in fjochtpartij yn de Doelesteech yn Ljouwert. De rûzje ûntstie yn in hoarekagelegenheid, dêr't twa groepen mei-elkoar op 'e fûst giene. Dy rûzje gie letter bûtendoar fierder. Trije minsken rekken ferwûne en moasten behannele wurde yn it sikehûs.

De tsien minsken dy't oppakt binne, komme út Ljouwert, Harns, Rossum yn Oerisel en út Den Haach. Se waarden troch tsjûgen oanwiisd as dieders. De tsien binne foar fierder ûndersyk fêstset op de plysjeburo's fan Ljouwert en Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)