Tsien jier foar sjitpartij

06 apr 2009 - 20:38

Yn de heger berop saak tsjin de 2 Antiliaanske fertochten fan in sjitpartij op it Ljouwerter Vrijheidsplein yn 2007 is juster 10 jier sel easke. Earder binne se feroardield ta 9 en 12 jier sel.

Yn maaie 2007 soene beide manlju op ljochtskyndei ferskate kearen sketten ha by in drok benzinestasjon. Ien fan de beide manlju waard dêrby rekke en ek in tredde fertochte rekke dêrby ferwûne. It gerjochtshôf docht oer 2 wike útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)