Tsien Fryske gemeenten te lyts

13 aug 2004 - 16:17

Tsien fan de 31 gemeenten yn Fryslân binne te lyts om har boargers goed helpe te kinnen. Dat konkludearret de provinsje út in ûndersyk dat alle Fryske gemeenten by harsels útfierd hawwe. Op basis fan dat ûndersyk seit de provinsje dat de organisaasje fan it bestjoer better kin en moat.

Benammen de gemeenten yn de súdwest- en noardwesthoeke fan Fryslân sjitte tekoart. Dochs wurdt dêr al in soad gearwurke tusken de gemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)