Tsien bewenners Nachtegaalflat hawwe al nije wenromte

05 jan 2016 - 15:31
  • De bewenners krigen ien ferhúsdoaze om guod yn te dwaan

Wenningkorporaasje Accolade hat mei alle bewenners fan de flat oan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten in persoanlik petear hân. It resultaat is dat foar sân bewenners definitive nije wenromte fûn is. Der binne ek bewenners dy't sels nije wenromte sykje; trije dêrfan hawwe al in oar ûnderdak fûn.

Oan de oare 21 bewnners is ek in wenning oanbean. Sy moatte no besjen oft se dy akseptearje of net. It part fan de flat oan de Noordkade is no frij jûn oan de bewenners om it guod derút te heljen.

Bewenners fan it blok oan de Nachtegaalstrjitte hawwe moandei even yn de flat werom west, om guod út hûs helje te kinnen. It sloopwurk leit fanwege it winterwaar no stil. As al it pún fuorthelle is wurdt it blok stabilisearre en dêrnei kin alles der út helle wurde. Dan moat ek besjoen wurde oft in part fan de flat stean bliuwe kin of dat it gebou dochs hielendal sloopt wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)