Tsead Bruinja net keazen

28 jan 2009 - 22:14
  • Tsead Bruinja (foto Jan Glas)

Tsead_Bruinja is net de nije Dichter des Vaderlands wurden. De Fryske dichter wie ien fan de fiif nominearren. Dichter Ramsey_Nasr gie mei de earetitel oan de haal. Bruinja hie foar syn kandidatuer bot kampanje fierd.

It Nederlânske publyk koe op ynternet stimme op ien fan de kandidaten. Yn in rjochtstreekse televyzje-útstjoering waard de nije dichter woansdeitejûn bekend makke. Nasr is de tredde Dichter des Vaderlands.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)