Tsead Bruinja nei Berlyn

16 jun 2011 - 10:09
  • Tsead Bruinja (foto: Jan Glas)

De Fryske dichter Tsead Bruinja stiet op in ynternasjonaal poëzijfestival yn Berlijn. It festival is ferlykber mei Poetry International dat dizze wike yn Rotterdam is. Bruinja makket freed mei muzikant Jaap van Keulen diel út fan de iepening fan it festival. By dy iepening binne ek dichters út Amearika en Súd-Koreä.

Bruinja (1974) komt fan Rinsumageast en wennet yn Amsterdam. Hy debutearre yn 2000 mei in Fryske bondel. Hy skriuwt ek yn it Nederlânsk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)