Tsead Bruinja lêst fers op MTV

24 sep 2004 - 09:40

Muzykstjoerder MTV sil tongersdei en freed in koart portret fan Frysk dichter Tsead Bruinja útstjoere. MTV kundiget Bruinja oan as 'art-chunk'. Bruinja fertelt koart wat oer it hoe en wêrom fan syn dichtsjen en lêst ek in gedicht foar. It filmke sil ek nei freed noch geregeld te sjen wêze.

MTV besteget dizze moanne ekstra omtinken oan poësij by wize fan eksperimint. As de reaksjes posityf binne wol MTV soks faker dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)