Trynwâldsterdyk wurdt feiliger

19 des 2003 - 00:00

De krúspunten yn de Trynwâldsterdyk, tusken Ryptsjerk en Oentsjerk, wurde takom jier feiliger makke. Dat hat de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel tongersdei besletten.

De lêste jierren binne der inkele slimme ûngemakken bard op de dyk. Earder dit jier is in 11-jierrich famke op in krusing by Ryptsjerk om it libben kaam. By de krusingen wurdt it foar fytsers en fuotgongers feiliger om oer te stekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)