Tryaterstik Salted de grins oer

27 sep 2002 - 00:00

Tryaterstik Salted giet op toernee nei it bûtelân. De ploech spilers fan 'e meartalige foarstelling reizget op 28 septimber ôf nei Dútslân. Yn Sorbië oan 'e eastgrins mei Poalen en Tsjechië jouwe se twa foarstellings.

Dêrnei reizget Salted troch nei Wales, dêr't it stik trije kear opfierd wurdt. Salted giet oer taal en identiteit.It waard earder spile op Oerol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)