Tryatermûtsen kinne wer werom

30 jan 2009 - 10:43
  • De breidene mûtsen hawwe de put derút

Op fjouwer data yn febrewaris kinne de mûtsen dy´t troch Tryater brûkt binne foar de teatrale Alvestêdetocht, troch de makkers wer ophelle wurde. De breiden mûtsen dy´t nei 12 febrewaris noch net ophelle binne, gean nei de stifting Hulpgoederen Roemenië.

Neffens Tryater binne der al mei al 852 mûtsen foar it teaterspektakel opstjoerd, dy´t ûnder oare droegen binne troch akteurs en oare meiwurkers. Der binne sels breidklubs oprjochte foar dit projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)