Tryater wike yn Amsterdam

17 jan 2011 - 23:05
  • Byld út de foarstelling Discopigs

Tryater spilet ein jannewaris in wike lang yn it Amsterdamske teater Bellevue. De stikken Diplodocus Deks, Arendz' Arends, Stamppot Schmidt, Discopigs en Fan de stêd en it libben wurde dêr op de planken brocht.

It is foar it earst yn it bestean fan Tryater dat der in wike lang yn Amsterdam stikken fan it Fryske toanielselsskip te sjen binne. It idee komt fan artistyk lieder Ira Judkovskaja. De foarstellingen wurde yn it Nederlânsk ûndertitele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)