Tryater spilet yn Den Haach

06 sep 2004 - 16:56

Toanielselskip Tryater sil woansdei yn Den Haach optrede foar de Twadde- Keamerleden. Tryater giet mei it grutte mobile teater fan it selskip nei it Plein, flakby it Binnenhof. In soad meiwurkers geane mei, lykas artistyk lieder Man in 't Veld en de akteurs Romke Toering en Nynke Laverman.

Tryater wol mei it optreden ek omtinken freegje foar de posysje fan de kultuer mei it each op de besunigings fan it Ryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)