Tryater moat doeken fuorthelje

23 des 2008 - 14:34

Skarsterlân hat Tryater de opdracht jûn spandoeken fuort te heljen dy't brûkt wurde by de foarstelling oer de 11stêdetocht. It giet om spandoeken dy't lâns de Gaestdyk by Tsjerkgaast steane. Tryater hat fan boeren tastimming krigen om se op har lân te setten. De spandoeken meitsje diel út fan in harkspul dat besikers ûnderweis yn de bus dwaan kinne.

Skarsterlân fynt lykwols dat it by de spandoeken om it meitsjen fan reklame giet en dat is ferbean yn de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)