Tryater makket stik oer Mohammed

26 des 2005 - 12:02

Toanielselskip Tryater wurket oan in produksje oer de profeet Mohammed. It stik wurdt makke yn it Dreamlab fan Tryater. Yn dat lab krije jonge teatermakkers de mooglikheid om harsels te ûntwikkeljen yn eigen taal. Se krije in pear wiken de tiid om in ûnderwerp teatraal te ûndersykjen en wat te meitsjen foar in lyts publyhk.

Yn de produksje oer Mohammed sille yn alle gefallen de aktrises Lianne Zandstra en Nynke Heeg meidwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)