Tryater komt mei cd

19 jan 2012 - 22:18

Tryater presintearret nije wike in CD mei ferskes út de nije foarstelling 'It geheim fan 'e Kânselier'. Ien fan de rollen dêryn is foar Piter Wilkens, dy't dêrmei syn debút yn in teaterfoarstelling makket. Piter spilet in sjongende cowboy mei de namme Bline Arend. Hy hat ek de muzyk foar de ferskes makke, de teksten komme fan Peter Sijbenga. De CD wurdt nije wike presintearre by de earste try-out fan de foarstelling.

De famyljefoarstelling 'It geheim fan 'e Kânselier' is de kommende moannen rûnom te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)