Tryater komt mei beukerstik

25 mrt 2001 - 00:00

Tryater komt meikoarten mei in nije foarstelling. Op 1 april giet 'In kening fan neat' yn 'e Ljouwerter Harmonie yn premiêre. Anna Bilker skreau de tekst, Arnold Dykstra, Nynke Heeg en Astrid Reitsema spylje de haadrollen.

It is in byldzjend, slapstickachtich stik, gaadlik foar bern fan 4 jier en âlder. Tryater giet nei de premiêre mei de foarstelling de skoallen by del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)