Tryater iepenet Oerol dit jier

30 apr 2014 - 15:51
  • Oerol 2013
  • De IIsfoarstin fan Tryater

It Fryske toanielselskip Tryater iepenet Oerol dit jier mei in stik út de opera De IIsfoarstin. De sjongers Janneke Schaareman, Albert Bonnema en spilers Brecht Wassenaar en Lourens van den Akker reizgje mei fyftich koarleden mei in aparte boat nei Skylge. Ek de tweintich meter lange sleep fan de IIsfoarstin giet mei.

It festival op Skylge wurdt freed 13 juny iepene troch Kommissaris John Jorritsma. Dat bart op it nije festivalterrein De Betonning. De 33ste edysje fan Oerol hat as tema Sense of Place en duorret oant en mei 22 juny.

It folsleine programma fan Oerol is fan 1 maaie ôf te finen op de webside fan Oerol. Dan is ek de festivalapp del te heljen. De online kaartferkeap begjint 27 maaie, Freonen kinne in wike earder al bestellle. Op festivalterrein de Westerkeyn wurdt it tal kassa's ferdûbele om de besikers flotter helpe te kinnen.

Sjoch hjir foar de webside fan Oerol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)