Tryater fiert har 50-jierrich jubileum

11 des 2014 - 16:50

Tryater fiert takom jier har 50-jierrich jubileum en dêrmei is it selskip it âldste teaterselskip fan Nederlân. Yn it ramt fan it jubileum komt de teatergroep mei in nij inisjatyf. Se rjochtsje in groep beskermers op, dy't Tryater stipet en ek meitinkt mei de teatermakkers.

Der binne tsien plakken beskikber foar de beskermhearen en -froulju. Dy moatte 2500 euro bydrage. Yn ruil dêrfoar meie se meiprate oer it belied fan Tryater.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)