Try-out komyske opera Nijetrine

16 aug 2006 - 13:22

Yn natuergebiet De Rottige Meente wie tiisdei de try-out fan de komyske opera Le Jugement de Midas. De try-out wie bedoeld foar frijwilligers en buertbewennners.

De opera giet oer de Grykse god Apollo dy't nei de ierde ferballe wurdt. Der ûntstiet in sjongwedstriid dy't Apollo úteinliks wint. De 'echte' opfierings binne woansdei, freed en sneon en op 26 en 27 augustus. De organisaasje leit by de Stichting Intermezzo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)