Trouwe yn tsjerke Huzum

23 jun 2014 - 10:38
  • De tsjerke fan Huzum

De gemeente Ljouwert hat de doarpstsjerke fan Huzum oanwiisd as offisjele troulokaasje. Neffens de Stichting Alde Fryske Tsjerken is dêr ferlet fan. Yn de tsjerke wurde no ek al konserten, lêzings en útfearten hâlden. Yn oktober wurdt it earste houlik sletten yn de tsjerke.

Takom wike moandei tekenje de gemeente Ljouwert en de Stichting Alde Fryske Tsjerken de offisjele oerienkomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)