Trouwe yn Grytmanshûs

16 apr 2005 - 15:13

It Grytmanshûs yn Aldegea wurdt mooglik troulokaasje, as it oan B en W fan Smellingerlân leit. Der binne no al trije troulokaasjes yn 'e gemeente: it gemeentehûs, it Karmelkleaster en it Frysk Hynstesintrum, allegearre yn Drachten. De eigner fan it Grytmanshûs wol dat syn gebou dêrby komt.

De gemeenterie beslút op 26 april oer it fersyk. De trou-amtners yn Smellingerlân hawwe al oanjûn dat se bliid binne mei de nije lokaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)