Trouwe sûnder freonen: fergees

23 des 2004 - 16:44

Ynwenners fan de gemeente It Bilt dy't takom jier fergees trouwe wolle meie gjin famylje of freonen mear meinimme. It fergees trouwen is neffens de gemeente te djoer en moat soberder. Sa mei it breidspear noch mar twa tsjûgen meinimme en as der famylje of freonen meikomme dan moat der betelle wurde.

Ek wurdt der gjin taspraak mear hâlden en slút in meiwurker fan de ôfdieling boargersaken it houlik. Dat mei ek net mear yn de riedsseal plakfine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)