Trouwe op it Waad by Harns

19 okt 2011 - 12:49

Yn de stêd Harns kin ynkoarten mooglik troud wurde op it Waad. Boargemaster en wethâlders fan Harns ha hjir in plan foar makke. De gemeente krijt geregeld it fersyk fan minsken dy't graach op it Waad boaskje wolle.

Neffens it plan kinne aanst alle skippen dy't op it grûngebiet fan Harns foar anker lizze oanwiisd wurde as troulokaasje foar ien kear. Dat jildt dan ek foar it Harnzer part fan de Waadsee. De ried moat him noch wol útsprekke oer it foarstel fan B. en w.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)