Trou-amtner mei net wegerje

10 okt 2012 - 17:16

Nije trouamtners meie net wegerje om homopearen te trouwen. Alteast dat wolle de ferwachte regearingspartners VVD en PvdA. It is it praat fan de dei op de Fryske Babsedei. Se steane posityf foar dit plan oer. De Babsedei wurdt ien kear yn de twa jier hâlden. Dizze kear is dat yn de gemeente Weststellingwerf. In bekende wegeramtner is Nynke Eringa fan Ljouwert. Foar har sil de plannen gjin gefolgen ha. De PvdA en VVD fine dat nije regels allinne jilde foar nije bûtengewoane amtners fan de Boargerlike Stân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)