'Trou-amtner foar ien dei'

19 jul 2007 - 10:24

Gewoane boargers moatte foar ien houlik ek trou-amtner wêze kinne. Dat freget de VVD Ljouwert oan B en W. De partij hat dat trije jier lyn ek alris frege, mar dat is doe ôfketst.

It fersyk ta 'troulokaasje foar ien dei' helle it doe wol. Yn Den Helder, Zwolle, Arnhem en Nijmegen is sa'n trou-amtner foar ien dei wol mooglik. Kolleezjeleden meie ek as bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân optrede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)