Tropyske temperatueren yn Fryslân mei 32,3 graden

05 jun 2015 - 16:58
  • De Griene Stjer by Ljouwert op de tropyske dei.

Yn Fryslân binne freed tropyske temperatueren berikt. Yn Bakkefean bygelyks wie it freedtemiddei 32,3 graden. Waarman John Havinga tinkt dat it op oare plakken yn it súdeasten fan Fryslân ek wol sa waarm is. Ek yn de rest fan it lân is it tropysk waarm. Yn Den Haach wie it om fjouwer oere 33 graden, yn De Bilt 32. En dat jildt ek foar de Achterhoek en Limboarch. Yn Ljouwert wie it om fjouwer oere 29 graden, seit waarman John Havinga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)