Tropyske Kas yn Beetstersweach wol noch in kas bouwe

29 apr 2015 - 22:01

De Tropyske Kas yn Beetstersweach is op syk nei 70.000 euro. Dit bedrach is nedich om in fyfde kas bouwe te kinnen. It histoaryske kassekompleks hat romte nedich om syn grutte en unike samling kûpplanten better oan publyk sjen te litten. De kas dêr't de planten tusken novimber en april froastfrij yn opslein wurde is te lyts en min tagonklik. Neffens it bestjoer moat dat feroarje om in besite oan de kassen oanlokliker te meitsjen.

No lûkt de Tropyske Kas sa'n 4000 besikers yn it jier.

Mei jildaksjes en it oanfreegjen fan subsydzjes wurdt de kommende tiid besocht 70.000 euro op te heljen. Allinnich dan kin ein dit jier begûn wurde mei de bou fan de nije plantekas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)