Tropyske kas rolstoelfreonlik

02 sep 2011 - 16:36

It histoaryske kassekompleks yn Beetstersweach is folslein rolstoel-freonlik makke. Oant no ta wiene der op it terrein allinnich mar sânpaden. Alderein dy't gebrûk makket fan in rollator of minsken yn in rolstoel koene hjirtroch de kassen net besjen.

Dat probleem is no oer. De paden binne de ôfrûne moannen allegearre ferhurde en der is ek in ynvalidehúske by kaam. De werynrjochting fan de tropyske kas hat mei-inoar sa'n 6 ton koste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)