Trommel yn de basis by Cambuur

06 okt 2006 - 13:56

Jason Trommel start freedtejûn yn de basis by Cambuur. De ferdigener spilet as linksback. John Stegeman sil ek begjinne. Hy nimt de spitsposysje oer fan Jeroen Ketting. Ek Koen Stam sil starte. Hy stiet tegearre mei De Wagt sintraal yn de ferdigening.

Ale Geert de Vries ferfangt de blessearre Peter van der Vlag. De 16- jierrige Erwin Geerdink sit as twadde keeper op de bank. Martijn Roosenburg spilet as rjochtsback foar Tim Nijssen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)