Trofee Riis wer weromfûn

24 jul 2013 - 18:04

De wikseltrofee foar de Mijl fan Riis is wer terjochte. De trofee stie yn in fitrinekast yn it âlde gemeentehûs fan Balk, mar de kaai fan dy kast wie wei, sa waard ferline wike freed dúdlik. Yntusken is de priis wer werom by de makker, byldzjend keunstner Evert van Hemert fan Kolderwâlde.

De Mijl fan Riis is in race fan alve Fryske hynders mei ruters, klaaid yn de kleuren fan ien fan de alve stêden. De wedstriid wurdt sneon 3 augustus hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)