Trochwurkje yn boufak

30 jul 2010 - 14:33

Hieltyd mear bedriuwen wurkje troch yn de tradisjonele boufakânsje. De echte boufak is yn 'e jierren tachtich al ôfskaft, mar in soad bedriuwen hâlden harren der noch wol oan. Dat wurdt no minder. Sa wurdt op it Ljouwerter Saailân trochskrept om de parkeargaraazje en it nije Fries Museum op 'e tiid klear te krijen.

Fakbûn CNV is derfoar dat de boufak ôfskaft is. Wurknimmers kinne sels de fakânsje bepale. Trochwurkje is ek better foar gruttere bouprojekten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)