Trochstart Kramer Sint Nyk

14 okt 2013 - 10:18
  • Trochstart boubedriuw Kramer yn Sint Nyk

Kramer's Boubedriuw yn Sint Nyk makket definityf in trochstart. Op syn minst 9 fan de 17 meiwurkers kinne yn it nije bedriuw oan de slach. Kramer ferwachtet dat dat der gau mear wurde. It bedriuw is yntusken al wer begongen mei de renovaasje fan fjouwer wenningen yn Langwar.

Kramer fernimt dat de boaiem fan de boukrisis berikt is. Yn de omkriten fan Sint Nyk wurde hieltyd mear besteande huzen ferkocht, dêrmei komt de trochstream yn de huzemerk wer op gong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)