Trochstart Henk.nl dreech

22 nov 2013 - 12:53
  • Henk

De fallite kleanketen Henk.nl liket noch gjin kâns op in trochstart te meitsjen. De kurator hat mei sân belangstellenden oerlein, mar dy binne foarearst ôfheakke. Henk.nl, dat earder bekend wie ûnder de namme Henk ten Hoor, gie koartlyn foar de twadde kear fallyt. Om dy reden krije belangstellenden de finansiering by de bank dreech foarinoar.

De kurator is no fan doel om de foarrieden út de winkels te ferkeapjen, yn ôfwachting fan in mooglike oername. Komt dy der net, dan wurdt ek besjoen oft de hierkontrakten oerdroegen wurde kinne.

Henk.nl hat op dit stuit tsien winkels yn Fryslân. Yn hiel Noard-Nederlân hat Henk.nl sechstich filialen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)