Trochstart harmony-orkest

01 des 2013 - 11:56
  • Frysk Harmony Orkest
  • Frysk Harmony Orkest

It Fries Jeugd Harmonie Orkest makket in trochstart ûnder de Fryske namme 'Frysk Harmony Orkest'. Kultuersintrum Keunstwurk hat de subsydzje fan de jeugdharmony stopset. Nei protestaksjes en petearen mei de provinsje sjocht it orkest no dochs mooglikheden om op deselde wize troch te spyljen, sûnder de 9000 euro fan Keunstwurk.

Keunstwurk fynt dat it Fries Jeugd Harmonie Orkest net prikkeljend genôch is en gjin fariaasje biedt foar jongeren. Keunstwurk wol yn de takomst mei projektorkesten wurkje.

De Fryske Jeugd Brassband is ek al ophâlden om't Keunstwurk de jildkraan tichtdraaid hie. It harmony-orkest jout net belies. It giet om de Fryske top en dat moat behâlden bliuwe, fine se.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)