Trochstart Friesland Vlees

19 sep 2008 - 06:24
  • Te keap foar goed 4 miljoen euro

Der bestiet in kâns dat slachterij Friesland Vlees yn Ljouwert dochs in trochstart makket. De hjoeddeiske eigner Baia BV fan Nijkerk is mooglik ree om it bedriuw troch te ferkeapjen oan fleisferwurker Skare út Denemarken. Baia wol 'dúdlik mear' as 4 miljoen euro barre foar it kompleks.

Skare wol de slachterij graach wer opstarte en de wurknimmers wer yn tsjinst nimme. Nei it fallissemint fan Friesland Vlees sitte hast alle 60 personielsleden sûnder wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)